Summary De kanon fan de skiednis fan Fryslân yn 11 en 30 finsters

-
ISBN-10 9062737951 ISBN-13 9789062737956
201 Flashcards & Notes
3 Students
  • This summary

  • +380.000 other summaries

  • A unique study tool

  • A rehearsal system for this summary

  • Studycoaching with videos

Remember faster, study better. Scientifically proven.

This is the summary of the book "De kanon fan de skiednis fan Fryslân yn 11 en 30 finsters". The author(s) of the book is/are Rinze Boersma Kerst J Huisman Gieneke Arnolli Anne Tjerk Popkema Commissie Canon van Friesland Goffe Theunis Jensma. The ISBN of the book is 9789062737956 or 9062737951. This summary is written by students who study efficient with the Study Tool of Study Smart With Chris.

Summary - De kanon fan de skiednis fan Fryslân yn 11 en 30 finsters

  • 1 De ko (om-ende-by 3400 foar Kristus): De komst fan boeren en kij

  • Hoe libben de earste minsken hjir en yn hokker tiid wie dat (sa'n bytsje)?
    Nei de lêste iistiid, om 11.000 foar Kristus hinne, komme der minsken op de toendra's dêr't letter Fryslân lizze soe. Hja jeie en sammelje, mar binne noch gjin fêste bewenners fan "Fryslân".
  • Wannear komme de earste boeren - fêste bewenners - nei Fryslân en wêr wenje se?
    De earste boeren wenje op de sângrûn fan Gaasterlân en de Wâlden (om 3400 foar Kristus hinne).
  • Op hokker wize binne Fryslân (en Drinte) en Bulgarije mei elkoar ferbûn?
    Spoaren fan de Trechterbekerkultuer (ierdewurk) binne fûn fan Bulgarije oant Grut-Brittanje. It is itselde folk dat de hunebêden fan Drinte ek makke hat.
  • Hoe binne de minsken yn de lêste 1000 jier foar Kristus fan it sân op de kwelders telâne kommen?
    Yn it lêste millennium foar Kristus oerwoekere it fean de sângrûn fan de Wâlden. De boeren kamen dêrtroch yn it kweldergebiet telâne, dêr't hja op terpen wennen.
  • Wat is de reden dat de ko op it Fryske kwelderlân sa'n grut sukses wurden is?
    De ko kin folle mear te iten fine op ien hektare kweldergrûn as op ien hektare sângrûn.
  • "Us Mem": wat betsjut dat, wêr siet er, wannear is er op syn earste plak delset en wêrom?
    Wat? It stânbyld fan in ideale Fryske stamboekko.
    Wêr? Op de rotonde oan de Harnzersingel te Ljouwert. (Earder op it Suderplein)
    Wannear? Yn 1954.
  • 2 De Hludana-stien (12 foar Kristus oant 400): Yn kontakt mei de Romeinen

  • Wêr en wannear waard de saneamde Hludana-stien fûn?
    By ôfgravings yn Bitgum yn 1888.
  • Hoe âld is dy Hludana-stien?
    Sa'n 2000 jier âld, út it begjin fan ús jiertelling (Romeinske tiid).
  • De Hludana-stien is in saneamde 'ûnthjit- of fotyfstien'. Wat is dat foar stien? Lis út.
    Unthjit/ûnthyt = belofte, tasizzing (tiidwurd: ûnthjitte); fotyf- <Lat. votum = ûnthjit, útspraak, stim; Van Dale: votiefsteen = steen met inscriptie (...) blijkens welke een gelofte aan de de godheid vervuld is, of krachtens een gelofte of verkregen gunst beschonken.
  • Wêr komt it oprjochtsjen fan ûnthjitstiennen wei?
    It is in Romeinske wizânsje dy't hjir yntrodusearre waard.
  • Wat betsjut de Latynske tekst dy't op 'e stien stiet yn it koart?
    Dat de pachters fan de fiskerij harren ûnthjit (dus wat tasein wie) oan Hludana betelle hawwe.
  • Hokker goadinne wie Hludana? En binne der noch mear fan sokke Hludana-stiennen fûn?
    In Germaanske goadinne. Ja, op fjouwer plakken by de Ryn lâns.
  • De âlde Friezen wurde troch in stikmannich klassike auteurs beskreaun. Wêr leit neffens dy teksten it Fryske gebiet om it jier 0 hinne krekt?
    Tusken de Alde Ryn (Katwyk) en de Iems, en om de Flevomarren hinne.
  • Skreaune boarnen út it Fryske gebiet sels binne der hast net en wat der is, is yn it Latynsk (de Hludana-stien bgl. en it skriuwtaffeltsje fan Tolsum). Hokker relaasje tusken Friezen en Romeinen sprekt út dy boarnen?
    De Friezen wiene boeren dy't oan de Romeinen belesting betellen yn 'e foarm fan oksehûden. Fryslân wie nei alle gedachten net beset gebiet; de kontakten wiene meast freedsum.
  • Hoe wie de machtsferhâlding tusken de Friezen en de Romeinen?
    Oan de iene kant freedsume politike en kulturele ynfloed, mar oan de oare kant ek wolris konflikten, bgl. opstân fan Friezen tsjin de hege oksehûdebelesting.
  • Friezen en Romeinen gongen ek wolris op 'e fûst. Wat is de bekendste konfrontaasje?
    De Fryske opstân fan 28 nei Kristus. De Romeinen fûnen de Fryske oksehûden net grut genôch. De Friezen fersloegen doe de Romeinske legioenen en belegeren it "castellum Flevum". Dêrom wie de namme fan de Friezen ferneamd ûnder de Germanen, skreau Tacitus letter.
  • Yn it jier 58 teagen twa Fryske oanfierders nei Rome. Wat wie har boadskip? En wat seit dat oer de machtsferhâldings?
    Se fregen keizer Nero oft se lân by de Ryn lâns brûke mochten. Dat de Romeinen ek yn it Fryske gebiet ynfloed hiene.
  • Lykas de Muorre fan Hadrianus yn Ingelân foarme yn ús kontreien de Ryn de noardlike grins (Lat. limes) fan it Romeinske Ryk. Ferlykje de ynfrastruktuer oan wjerskanten fan dy grins.
    De gebieten súdlik fan dy grins wiene organisearre nei Romeinsk model: in goed ûntwikkele ynfrastruktuer mei kastielen en wegen dêr't de legers bylans gongen. Noardlik fan de Ryn wie dy ynfrastruktuer der net; wol wiene der yn Frysk gebiet in pear Romeinske legerplakken.
  • Troch de klassike teksten hat lang it byld bestien dat 'wy Friezen' al tûzenen jierren op ditselde plak wenne hawwe. Doocht dat byld wol?
    Nee. De Frisii út de klassike passaazjes binne yn de neidagen fan it Romeinske Ryk, mei it Grutte Folksferfarren, hjirwei tein en oaren hawwe har hjir nei te wenjen set. Wol hawwe de klassike fermeldings de Friezen status jûn - in wichtich ding foar it Fryske selsbyld!
Read the full summary
This summary. +380.000 other summaries. A unique study tool. A rehearsal system for this summary. Studycoaching with videos.

Latest added flashcards

Watfoar sektor hat sûnder mis bydroegen oan it fuortsterkjen fan de Fryske ekonomy?
De tsjinstsektor (fersekerings, ûnderwiis, rekreaasje) soarge foar gâns nije banen. Dêrby koe fierder boud wurde op de wichtige posysje yn hannel en bankwêzen, dy't Ljouwert al yn de foarste helte fan de ieu hie.
Wat wiene de skaadkanten fan de yndustrialisaasje?
In grut part fan de ynstustry waard foarme troch arbeidsyntinsive en dêrtroch konjunktuergefoelige bedriuwen. Filiaalbedriuwen fan grutte konserns waarden yn tiden fan ekonomyske delgong ôfstjitten. De haadfêstigings fan nije bedriuwen bleauwen almeast earne oars. By de nije wurkplakken gong it om leechbetelle wurk en dat hie in ûngeunstige útwurking op de ynkommensefterstân yn Fryslân.
Wannear wie de omskeakeling fan lânbou nei yndustry en wêr waard dêr in begjin mei makke?
Yn de jierren fyftich kaam de omskeakeling en benammen yn 'e Wâlden (Drachten en omkriten).
Wannear kaam de yndustrialisaasjepolityk yn Fryslân fan de grûn?
Nei de Twadde Wrâldoarloch en mei troch it oprjochtsjen fan it Economisch Technologisch Instituut voor Friesland (ETIF).
Wat soe in ferklearring wêze kinne dat oerheden de yndustrialisaasje net as middel seagen ta ferbettering fan de wurkgelegenheid? Hokfoar organisaasjes seagen it belang fan yndustrialisaasje wol?
Oerheden hiene in anty-yndustrialisaasjementaliteit. Yn rûnten fan de sosjalistyske SDAP en it fakbûn NVV waard der oars oer tocht.
Hoe kaam it dat de agraryske sektor minsken ôfstate?
Dat hie benammen te krijgen mei ekonomyske tebeksetters, lykas de krisis yn de jierren 1929-1940, mar ek mei konkurrinsje fan effisjinter produsearjende boeren yn Kanada, de Feriene Steaten, Austraalje en Nij-Seelân.
Wêrhinne is it demografyske swiertepunt ferskood yn Fryslân mei de oergong fan agraryske provinsje nei mear yndustry?
Fan it westen nei it easten. De Wâldhoeke waard as wen- en wurkgebiet hieltiten mear fan belang.
Hoefolle prosint fan de Fryske beropsbefolking wurke yn 1920 yn de lânbou en hoefolle prosint yn 1995? Wat kin dêrút konkludearre wurde?
Yn 1920 wie dat 44% en 1995 7%. Dat betsjut dat Fryslân, dat foar it grutste part agrarysk wie, yn noch gjin ieu feroare is yn in regio dêr't noch mar in hiele lytse minderheid in bestean yn de lânbou fynt.
Wat is der (mei) tanksij Kneppelfreed fan de ferfolling fan dy winsken in pear jier letter dochs noch berikt? Nim twa dingen.
Mei tanksij Kneppelfreed kaam it ta in bettere wetlike posysje fan de Fryske taal. Yn 1955 wurde twatalige skoallen (Frysk as fak èn as fiertaal) tastien en fan 1956 ôf mei der yn de rjochtseal Frysk brûkt wurde.
Ut hokfoar publikaasje die in gefoel fan selsstannigens bliken? Wat stie dêryn?
Dat gefoel fan selsstannigens die bliken út it troch de hiele Provinsjale Steaten oannommen Desintralisaaserapport fan begjin 1951. Dêr stiene winsken yn oangeande ûnderwiis en kultuer dy't hjoed de dei noch altiten net hielendal ferwêzentlike binne.